Nije huzen foar Easterlittens

28 feb 2013 - 21:59

In hantsjefol belangstellenden kaam tongersdei nei de earste ynformaasjejûn oer de bou fan in seistal huzen yn Easterlittens. It giet om huzen dy't yn it plak komme moatte fan de sosjale hierwenten fan Elkien. Dizze huzen wurde meikoarten sloopt.

Yn oparbeidzjen mei de gemeente en doarpsbelang is no in plan betocht foar saneamde sosjale keapwenten. Dit binne keapwenten mei in sacht pryske dy't benammen foar starters en âlderein berikber wêze moatte. De priis leit tusken de 130.000 en 150.000 euro.

Oant no ta hawwe twa minsken harren konkreet melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)