Nije huzen Feinsum ûnwis

18 maaie 2002 - 00:00

De provinsje wol allinnich mar akkoart gean mei in bestimmingsplan foar 8 nije wenten yn Feinsum as de bou fasearre wurdt. It kolleezje fan Ljouwerteradiel is it dêr net mei iens en fiert dêr in rjochtsaak oer foar de Ried fan Steat.

De gemeente wol net fasearre bouwe, om't dan ek de ynfrastruktuer yn fases oanlein wurde moat. Mei as gefolch dat it hiele projekt djoerder wurde sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)