Nije horekabeurs yn Assen

25 aug 2007 - 10:09

Der komt in nije noardlike horeka-fakbeurs yn Assen. Dy moat temjitte komme oan de winsk fan horeka-ûndernimmers út Grinslân en Drinte, dy't net nei de Horeska yn Ljouwert wolle. Se binne it der net mei iens dat dy horekafakbeurs ferline jier ferhûze is fan Súdlaren nei Ljouwert.

De organisaasje fan de Horesca ferwachtet net dat de beurs yn Assen fan ynfloed wêze sil op dy fan Ljouwert. Dat moat de takomst útwize.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)