Nije hoop foar muzykskoalle

01 sep 2006 - 10:33

It fallissemint fan muzykskoalle Ritmyk yn Boalsert liket fan de baan. Foar de simmerfakânsje wie in fallissemint tichtby. Direksje, ûndernimmingsried en it fakbûn hawwe no de yntinsje om de problemen de kommende moannen op te lossen. De lessen geane gewoan troch. Ek kinne nije learlingen har gewoan ynskriuwe.

Ut ûndersyk hat bliken dien dat it muzykûnderwiis yn súdwest-Fryslân fan grut belang is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)