Nije hier- en keapwennings yn Winsum

18 jun 2015 - 17:54
  • De trijehoek yn Winsum

De trijehoek yn Winsum moat wer fol komme te stean mei wennings. Wenningkorporaasje Elkien en lokale ûndernimmers hawwe dêrfoar in plan opsteld, dat 'Wenje yn Winsum' hjit. Op it stuit is it in grutte keale flakte. Trije jier lyn binne de wenten dy't der stiene sloopt.

Yn it nije plan komme der in oantal sosjale hier- en keapwenten. Fierder komt der ek in saneamd 'Vriendenerf', weryn't minsken selsstannich wenje, mar ek mienskiplike romtes hawwe. Tongersdei is der yn Winsum in ynformaasjebyienkomst foar belangstellenden.

Neffens Cees Zeldenrust, dy't as adviseur by it plan belutsen is, is it in fleksibel projekt weryn't de huzen oanpast wurde kinne oan de winsken fan de minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)