Nije hertestâl yn Surhústerfean

17 des 2006 - 12:43

Yn Surhústerfean is sneontemoarn de nije stâl fan it hertekamp offisjeel iepene. De stâl hat de namme 'It Nommel Stee' meikrigen. Dyn namme wie betocht troch Aaltsje de Wal út Surhústerfean.

De namme betsjut dat de bisten yn it gebou in goed plak hawwe. De stâl hat sawat 15.000 euro koste. Der wie wat nijs nedich, omdat it âlde nachtferbliuw foar de herten slim fertutearze wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)