Nije helys yn gebrûk naam

18 maaie 2010 - 11:18

De loftmacht hat de earste fan tweintich nije helikopters krige. De Lynx maritime helikopters moatte de rêdingshelikopters ferfange. De nije helikopters wurde ek ynset foar sikeferfier fan 'e Waadeilannen.

De earste nije helikopter is moandei oanbean oan 'e plakferfangend kommandant Loftstriidkrêften. Dat wie op fleanfjild De Kooy yn Den Helder. Dat wurdt ek de thúsbasis fan tolve fan 'e helikopters. De oare acht komme op fleanbasis Gilze-Rijen te stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)