Nije help tsjin minskehannel

30 jan 2010 - 13:45
  • Humantas helpt slachtoffers minskehannel

Slachtoffers fan minskehannel yn Ljouwert kinne tenei in berop dwaan op in maatsje. Ljouwert hat de primeur yn Fryslân dêrmei. It giet om manlju en froulju dy't mei moaie praatsjes lokke en dêrnei ferhannele binne. Se koene fuortkomme en hawwe doe help socht.

De nije help hjit 'FEM-maatjes' (Fries Empowerment) en it is in inysjatyf fan Humanitas. Mei trije frijwilligers is freed út ein set. Alle jierren melde har fyftich slachtoffers by de plysje of by helporganisaasjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)