Nije haven foar Starteilân?

06 apr 2005 - 16:51

It starteilân yn 'e Snitsermar moat in nije jachthaven krije. In part fan it Skareilân giet dêrmei ferlern. Ek it rekreaasjegebiet en de Grutte en de Lytse Potten wurde oanpakt. De gemeente Snits wol sa de foarsjennings foar wettersporters by de tiid bringe.

It gebiet moat foar 6 miljoen euro opknapt wurde. De helte dêrfan moat de gemeente sels betelje, de oare helte moat fan Brussel en Den Haag komme. De rie moat noch oer it plan beslute.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)