Nije haven Flylân

21 jun 2007 - 11:23

Yn de haven fan Flylân is tongersdei it startskot jûn foar de opknapbeurt fan de nije haven en it yndustryterrein. De haven wurdt hielendal op 'e nij oanlein. Der komt in stik by en alle boaten komme tenei apart yn in boks te lizzen. Dat lêste wurdt dien fanwege de feilichheid.

De opknapbeurt kostet 10 miljoen euro. It grutste part dêrfan is betelle troch de provinsje. It wurk moat foar de simmer fan 2008 klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)