Nije hangar by airstrip Drachten

04 mrt 2005 - 09:44

By de airstrip fan Drachten mei in nije hangar boud wurde. It gemeentebestjoer fan Smellingerlân jout ûndernimmer Koonstra fan De Pein hjirfoar tastimming. De nije hangar komt tusken twa besteande yn en is bedoeld foar de stalling fan in nij fleantúch fan Koonstra.

De hangar mei der maksimaal fiif jier stean. De gemeente wol op it terrein fan de airstrip yn de takomst in grut tal nije wenten bouwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)