Nije haadsponsor foar Flyers

31 aug 2010 - 14:01

Iishockeyklup Hearrenfean Flyers hat in nije haadsponsor. Autobedriuw A6.nl mei in festiging op De Lemmer hat foar ien jier in kontrakt tekene en stekt 50.000 euro yn de klup. A6.nl stiet no noch bekend as Auto Gorredijk.

De eardere haadsponsor Hajé wurdt no subsponsor fan de Feanster iishockeyers. De Flyers hawwe mei de nije haadsponsor in budzjet fan 250.000 euro. Dêrmei ha se it leechste spilersbudzjet fan alle earedivyzje iishockeyklups fan Nederland.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)