Nije haadsponsor filmfestival

23 sep 2004 - 09:37

It Noardlik Filmfestival yn Ljouwert stiet net mear faai. Soarchfersekerder De Friesland is foarearst de nije haadsponsor fan it festival. Boppedat komt der 50.000 euro subsydzje fan it Noardlik kultueroerlis, dêr't de trije noardlike provinsjes en de stêden Grins en Ljouwert yn oparbeidzje.

Troch dizze tasizzings liket it filmfestival út 'e brân. De organisaasje rûn earder hast 140.000 euro mis troch in misferstân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)