Nije haadredakteur keatsblêd

22 mrt 2007 - 09:59
  • Jan Braaksma

Sybe Joostema fan Minnertsgea wurdt de nije haadredakteur fan de WIS IN, it keatsblêd fan it keatsbûn KNKB. Hy folget Jan Braaksma op, dy't yn jannewaris dien krige. It bûn woe net fierder mei Braaksma, dy't syn sjoernalistike ûnôfhinklikens bewarje woe en gjin ynspraak fan de KNKB woe. De redaksjeleden stiene dêr ek achter en stapten begjin maart ek op. Mei Joostema wol it blêd mei yngong fan april in nije start meitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)