Nije gemeentenamme wichtich foar ynwenners Noardwest-Fryslân

18 sep 2015 - 18:01

Sa'n 6.000 minsken hawwe yntusken harren stim útbrocht op in nije gemeentenamme foar de nije fúzjegemeente yn Noardwest-Fryslân. Dat is ûngefear tsien persint fan de minsken dy't kieze meie. Yn de gemeente It Bilt is der protest tsjin de nije gemeentenammen. Guon sille sels hielendal net mear stimme. De minsken dy't wol stimme, hawwe benammen grutte muoite mei de namme 'Franeker'.

Ek by streekkrante De Bildtse Post fernimme se dat it stimmen foar in nije gemeentenamme wichtich is foar de minsken.

Der wurdt in soad reagearre op harren Facebookside. Boargemaster Fred Veenstra fan Frjentsjerteradiel is yn it ramt fan de saneamde 'boargemasterswiksel' twa wiken boargemaster fan It Bilt. Veenstra hat in hiel oar lûd heard fan de minsken oer de nije gemeentenammen en tinkt net dat se harren oan 'e kant set fiele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)