Nije gaswinning by Tsjûkemar

07 feb 2013 - 21:11

Der moatte yn it foar goede ôfspraken makke wurde oer de mooglike skea dy't ûntstiet troch gaswinning by de Tsjûkemar, ek al komt dy skea pas oer 20 jier. Dat sizze de omwenners fan de mar nei oanleiding fan in earste petear mei gasbedriuw Vermillion en fúzjegemeente De Fryske Marren.

Neffens de bewenners moat noch foardat der begongen wurdt mei it winnen fan gas fêstlein wurde hoe't omgien wurdt mei de mooglike gefolgen. Se hawwe hjir soargen oer, benammen ek nei oanlieding fan de ûnderfinings yn Grinslân.

Begjin dizze wike waard bekend dat de skea dêr folle grutter is as earst tocht. Neffens de omwenners binne de earste petearen goed ferrûn en sil der meikoarten fierder praten wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)