Nije gaslieding troch Fryslân

27 des 2004 - 17:48

De Gasunie wol dwers troch Fryslân in nije haadtransportlieding oanlizze. It giet om in lieding fan in meter yn trochsnee, fan it Grinzer Grijpskerk nei Warkum. De 80 kilometer lange lieding is nedich omt de fraach nei gas hieltyd grutter wurdt.

De gaslieding komt oardel meter djip te te lizzen yn it Fryske lânskip. Neffens de Gasunie sil de oanlis hast gjin oerlêst feroarsaakje. De nije lieding moat ein 2007 yn de grûn lizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)