Nije game moat plysje helpe

03 des 2012 - 10:05
  • Screenshot fan de plysjegame
  • Sjitte is ek ûnderdiel fan 'e plysjegame

De Ljouwerter software ûntwikkeler Wildsea leit de lêste hân oan in kompjûterspultsje dat de plysje helpt om âlde, net oploste saken op te lossen. De opdracht is jûn troch de plysje fan Gelderlân. Dy hopet it spultsje takom jier te lansearjen.

It spultsje wurdt tagonklik op ynternet en elts dy't dat wol kin dan foar resjersjeur spylje. Yn it spultsje wurde in soad details en foto's út de echte saak ferwurke. De plysje hopet fan de spilers nije ynsichten te krijen. Tagelyk moat it spultsje it wurk fan de resjerzje promoatsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)