Nije fytstunnel iepene yn Frjentsjer

21 nov 2015 - 10:51
  • In animaasje fan de fytstunnel nei de Alvestêdewyk yn Frjentsjer

Yn Frjentsjer wurdt sneontemoarn de nije fytstunnel ûnder it spoar by de supermerk fan Poiesz iepene. Mei dy tunnel kinne de bewenners fan de Alvestêdewyk tenei folle makliker en feiliger yn de binnenstêd fan Frjentsjer komme.

De tunnel is boud troch boubedriuw Van Spijker út Meppel, yn opdracht fan Prorail. It wurk hat fertraging oprûn, omdat de oannimmer dreech troch de swiere klaai komme koe.

De namme fan de tunnel wurdt sneon ek bekendmakke. De betinker fan dy namme - Kees de Boer - mei de iepening dwaan.

Oanslutend wurdt ek de earste peal slein fan in nij bouprojekt yn de Alvestêdewyk. Dêr sille trettjin nije huzen boud wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)