Nije fytstunnel iepene by Nijtap

21 okt 2004 - 10:07

Smellingerlân is op de helte mei syn grutte projekten om Drachten better berikber te meitsjen foar it ferkear. Dat sei wethâlder Pultrum woansdei by it offisjeel yn gebrûk nimmen fan de nije rotonde en fytstunnel by Nijtap, oan de Noardkant fan Drachten.

Der wurde al tariedings troffen foar in tunnel ûnder de Noarder Hegewei by de Kletsterlaan. En der folget noch foar 6 oant 7 miljoen oan oare tunnels en rotondes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)