Nije fytspont leit yn it wetter by Grou

25 mrt 2016 - 21:10

Yn Grou waard freedtemiddei in nije fytspont te wetter litten. De pont is de ferfanger fan de âlde ferbining tusken it sintrum fan Grou en fakânsjepark Yn 'e Lijte. Neffens foarsitter Gerard Bouma fan Grou Aktief wie fernijing bot nedich, om't it fytstoerisme yn Fryslân hieltyd grutter wurdt. It nije fartúch is kwalitatyf better en foldocht oan de nijste easken, seit Bouma. Hjirtroch kinne de minsken de kommende jierren feilich de oertocht meitsje.

De pont is ûnderdiel fan 'e fytsrûte de 8 fan Grou, de saneamde "pontsje-rûte". It pontsje sil fan april ôf offisjeel yn gebrûk naam wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)