Nije funksje Nooitgedagt Drylts

24 apr 2006 - 10:13

It giele stientsjesgebou fan it eardere Nooitgedagt-fabryk yn Drylts hat sûnt sneon in nije funksje. Tenei kinne ynwenners en toeristen yn dat gebou de skiednis fan it eardere reedfabryk besjen. In ploech fan 60 frijwilligers sille it Sjoch- en dochsintrum Nooitgedagt besykje draaiende te hâlden.

De stifting Nooitgedagt Drylts tinkt dat mei de komst fan it sintrum mear toeristen nei de stêd komme sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)