Nije funksje Gerrit Ybema

18 jul 2007 - 15:02

Gerrit Ybema fan Ljouwert is de nije foarsitter fan de Nederlandse Vereniging van Bioscoopexploitanten. Hy is dêrmei de earste foarsitter dy't fan bûten de brânsje oanlutsen is.

Ybema hat steatssiktaris fan ekonomyske saken west yn it Twadde Kabinet Kok. Sûnt 2003 wurket er as adviseur en prosesmanager. Fierder hat Ybema ferskate tafersjochhâldende funksjes, yn de private sektor en yn soarch en ûnderwiis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)