Nije funksje AZC Burgum

30 jul 2008 - 19:48
  • It AZC Burgum is gjin útsetsintrum mear

It AZC fan Burgum fangt tenei minsken op dy't krekt in asyloanfraach dien hawwe. Dat betsjut dat se yn Burgum de earste ynformaasje oer de Nederlânske maatskippij krije en de earste taalles. Oant no ta sieten yn Burgum asylsikers dy't in ôfwizing krigen hiene en werom moasten nei har lân.

Yn Fryslân binne op dit stuit 5 AZC's. Burgum is it ienige AZC dat fan funksje feroaret. Foar de fêste meiwurkers yn Burgum feroaret der neat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)