Nije fûgelhutte by Westergeast

13 jul 2003 - 00:00

Besikerssintrum Hammerslach by Westergeast hat der in attraksje by. Op it lân fan molkfeehâlders Jilles en Aaltsje Dykstra is mei help fan de fûgelwacht in kuierpaad útset. Dat rint nei in fûgelhutte ta dy't inkelde kilometers fier it fjild yn stiet.

By it paad del stean buordsjes mei ynformaasje oer greidefûgels. Yn augustus komt de Keninginne op besite op 'e boerepleats. Der wurdt ek in lesbrief oer de fûgelhutte makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)