Nije Fryske wurden nominearre

05 feb 2013 - 10:39
  • Webside Ried fan de Fryske Beweging

De Ried fan de Fryske Beweging hat foar de wedstryd nije Fryske wurden, fiif wurden nominearre. It giet om skjinpraatkultuer, heitydei, bringbrommer, pronkprotter en apesturter. 61 minsken hawwe meidien oan de wedstryd. Dy wie útskreaun troch de Ried fan de Fryske Beweging, yn gearwurking mei de Fryske Akademy en Tresoar. Oare wike freed wurdt it winnende wurd bekend makke. De bedoeling wie om út in list fan 24 Hollânske wurden dy't ferline jier yn it nijs wiene, in moaie Fryske oersetting te meitsjen.

Der is ûnder oare sjoen nei hoe orizjineel de wurden binne en oft it flot Frysk is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)