Nije Fryske striphelden: Oebele en Abele

25 apr 2015 - 13:12
  • Oebele en Abele
  • De bruorren Eelke en Jelger van der Meulen yn de keatstkantine yn Stiens
  • Mirjam Vellinga fan de Afûk mei de nije Fryske tekenstrip Oebele en Abele

In nij stripboek moat de jeugd fan Fryslân wer oan it Frysk lêzen krije. It stripboek hat de titel 'De aventoeren fan Oebele en Abele, Fryske Frijbûtsers'. De strip hat in protte oerienkomsten mei Asterix en Obelix. In grut ferskil is dat by Oebele en Abele de frijheidsstriid tsjin de Hollanners sintraal stiet en net dy tsjin de Romeinen.

Mei in knypeach wurdt yn it stripferhaal ek it ûntstean fan guon Fryske tradysjes útlein, lykas fierljeppen, aaisykjen en keatsen.

Neffens Mirjam Vellinga fan de Afûk is it stripboek in goede wize om de jeugd oan it Frysk lêzen te krijen. It is tagonklik en der komt protte humor yn foar. Sneintemiddei om 16:00 oere sil it boek by it keatsfjild fan Stiens presintearre wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)