Nije Fryske Bommel op kommendeweis

14 nov 2014 - 14:19
  • Tresoar

Utjouwerij Le Chat Mort út Ketlik en Tresoar út Ljouwert binne oerienkommen dat yn 2015 in Fryske Bommel útjûn wurde sil. Jarich Hoekstra en Harke Bremer, dy't al earder Bommelferhalen oerset ha, sille ek dizze útjefte fersoargje. It ferhaal dat oerset wurdt is 'De Vergelder'. It is in ferhaal oer de útfining fan in jildapparaat yn finansjeel nuodlike tiden.

It boek sil fan 11 septimber 2015 ôf yn de boekhannel lizze en is te krijen by oankeap fan in oar boek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)