Nije frije skoalle iepene

12 nov 2010 - 12:30

De Michaëlskoalle yn Ljouwert hat freed in bysûnder nij gebou iepene. It is net in skoalgebou sa't wy dy kinne mei fjouwerkante of rjochthoekige lokalen. Yn it fiifkantige gebou binne in soad natuerlike materialen lykas filt en side brûkt. Alle romten lizze om it ljochte hert fan it gebou hinne. Dat moat rêst útstriele en dêrmei effekt ha op de bern.

De Michaëlskoalle is de iennichste frije skoalle fan Fryslân en bestiet no 35 jier. Der binne 165 learlingen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)