Nije frekwinsjes Kabel Noord

20 okt 2009 - 11:45
  • De tv moat op 'e nij ynregele wurde

Kabel Noord yn Dokkum regelet dizze wike twatûzen televyzjes op 'e nij yn omdat de frekwinsjes fan alle stjoerders sûnt moandeitenacht feroare binne. Dat bart om mear romte op 'e kabel te krijen.

Kabel Noord is de kabeleksploitant fan Dongeradiel, Kollummerlân, Dantumadiel, It Amelân en Skiermûntseach. It grutste part fan de televyzjebrûkers wit sels de stjoerders op 'e nij te finen, mar net elkenien slagget dat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)