Nije fraksje Eaststellingwerf

03 feb 2013 - 16:15
  • Gemeente Eaststellingwerf

De fraksje fan Eaststellingwerfs Belang skuort. De twa riedsleden dy't dit wykein út de partij set binne, hawwe besletten om tegearre in nije fraksje te foarmjen. Riedsleden Yp van der Veen en Fred Rademaker hiene al langer problemen mei de rest fan de fraksje. Van der Veen fynt dat Eaststellingwerfs Belang, sûnt de partij yn it kolleezje sit, tefolle wetter by de wyn docht.

Eaststellingwerfs Belang hâldt no fiif riedsleden oer. It kolleezje fan Eaststellingwerf hat no de krapst mooglike mearderheid fan 11 fan de 21 sitten.

De ferdieldheid by Eaststellingwerfs Belang waard koartlyn sichtber doe't de fraksje ferdield stimde oer in subsydzje-oanfraach fan de midgetgolfklup fan Appelskea foar de organisaasje fan it Europeesk kampioenskip. De measte riedsleden fan Eaststellingwerfs Belang stimden, op advys fan it kolleezje, tsjin dy oanfraach. Van der Veen en Rademaker stimden foar en as gefolch dêrfan staakten de stimmen. Troch dizze kwestje waarden de ferhâldingen binnen Eaststellingwerfs Belang der net better op.

It bestjoer fan Eaststellingwerfs Belang woe dit wykein it beslút om Van der Veen en Rademaker út de partij te setten net taljochtsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)