Nije foarynse by partoer Buma

14 jun 2007 - 11:10

Keatster Gerieke_de_Groot fan Sint Anne wurdt de nije foarynse by it partoer Géjanna_Buma en Afke_Hylkema. Sy ferfangt Deborah_Oosterman. De Groot soe yn 2005 al by it suksesfolle partoer komme. Buma en Hylkema moasten doe in nije foarynse hawwe, om't Wiesje van der Berg ophâlde. Mar De Groot hie doe in swiere rêchblessuere.

It nije partoer keatst foar it earst op 1 juli yn Sint Anne. Wat Oosterman dwaan sil, is noch net wis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)