Nije foarsitter Yndoor Fryslân

09 maaie 2006 - 12:54

Geart Benedictus fan De Jouwer is de nije foarsitter fan Yndoor Fryslân. Hy folget Wiebe Wieling op. Benedictus nimt de taken fan Wieling sa gau mooglik oer. Under oare sil er him dwaande hâlde mei de tarieding fan it concours hippique dat fan 19 oant en mei 22 oktober yn it FEC hâlden wurdt.

Benedictus komt út it bedriuws- en organisaasjelibben. Oant dit jier wie er foarsitter fan de NLTO, de Noardlike Lân- en Túnbou-Organisaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)