Nije foarsitter Lauwerswâlden

22 nov 2000 - 10:14

Henk Mol wurdt de nije foarsitter fan Wetterskip Lauwerswâlden. It bestjoer gong tiisdei unanym akkoart mei de beneaming fan de 61-jierrige Drachtster.

Wetterskip Lauwerswâlden kundige in tal wiken lyn in neiere gearwurking mei wetterskip Sevenwolden oan. Mol is dêr op it stuit foarsitter. Al krije beide wetterskippen mei de beneaming deselde foarsitter, fan in fúzje is gjin sprake.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)