Nije foarsitter foar Flyers

14 okt 2011 - 22:19
  • Nije Flyers-foarsitter Henk Hoekstra

De Friesland Flyers hawwe sûnt freed in nije foarsitter. Nei seis jier hat Danny Micola de hammer oerdroegen oan Henk Hoekstra. Hoekstra is âld-finansjeel direkteur fan Sportklup Hearrenfean en nimt in soad ûnderfining mei nei de iishockeyklup.

Hoekstra hat de ambysje om it publyk wer nei Thialf te lûken. It stribjen is om binnen trije jier lânskampioen te wurden. Freedtejûn pakten de Flyers yn eigen hal trije punten tsjin Amsterdam: 5-2.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)