Nije foarsitter Alde Feanen

08 maaie 2013 - 14:37
  • De Alde Feanen

Sipke Swierstra fan Assen wurdt de nije foarsitter fan it oerlisorgaan fan it nasjonaal park De Alde Feanen. Hy folget dêrmei Gerben Gerbrandy op, dy't dizze funksje sûnt septimber ferline jier ynfolde. Swierstra komt oarspronklik fan Ljouwert en hat in skoft deputearre fan de provinsje Drinte west. Dêrneist hat er in soad ûnderfining yn it bedriuwslibben.

Swierstra wol dy ûnderfining ynsette om foar it nasjonaal park ekonomy, bestjoer, lânskip en natuer yn ien beleid ûnder te bringen. Hy wurdt 24 septimber offisjeel beneamd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)