Nije flat Gordyk wurdt leger

02 des 2008 - 17:21

Yn it nijste útwreidingsplan fan 'e wyk Loevestijn op 'e Gordyk komt net in appartemintekompleks mei fiif ferdjippings. Nei krityk fan buertbewenners wurde it no trije lagen. It gemeentebestjoer fan Opsterlân hat dat besletten nei beswieren fan omwenners.

By twa ynsprekjûnen, earder dit jier, koene de bewenners harren krityk op it útwreidingsplan spuie. Mei sukses, want in oar appartemintegebou is sels folslein út 'e tekeningen skrast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)