Nije flagge by Reaklif-betinking

23 sep 2006 - 17:28

Op de 61e betinking fan de Slach by Warns is sneontemiddei de Ynterfryske flagge presintearre. De flagge is makke troch de groep fan Auwerk, in aksjegroep dy't der alles oan docht om de Fryske identiteit te behâlden.

De flagge moast der komme om't der ferskate Fryske flaggen binne. Offisjeel registrearre flaggen fan de Friezen binne dy fan Westerlauwersk, Fryslân en Noard-Fryslân. Dêr is no ien mienskiplike flagge by kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)