Nije fisksoart fûn by Makkum

19 okt 2011 - 09:37

De wurkgroep fiske-ûndersyk Fryslân hat by Makkum in foar Fryslân nije fisksoart ûntdutsen. Der binne saneamde marmergrondels boppe wetter helle. Dizze eksoaten komme út de Kaspyske- en Swarte See en binne nei alle gedachten lâns de Donau en de Rijn dizze kant op kaam.

De soart is yn 2002 foar it earst yn Nederlân signalearre, mar wie oant no ta net yn Fryslân sjoen. De Latynske namme fan de marmergrondel is proterorhinus semilunaris.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)