Nije fiskpassaazje by Jobbegea: Nijeberkeaperdyk ticht

20 mrt 2016 - 16:22
  • De Nijeberkeaperdyk by Jobbegea

De Nijeberkeaperdyk by Jobbegea giet moandei foar oardel wike ticht fanwegen wurksumheden. Dat meldt de gemeente Eaststellingwerf op har webside. By Slûs 2 oer De Tsjonger wurdt in nije ferbining makke tusken de sleatten neist De Tsjonger. Ek leit it wetterskip der in fiskpassaazje oan.

De omliedingsrûte foar auto's wurdt mei giele buorden oanjûn. Oanwenners, fytsers en fuotgongers kinne der noch wol del. It wurk duorret oant en mei freed 1 april.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)