Nije 'filebestrider' testen

22 okt 2007 - 15:18
  • mei dizze nije wein kin de ôfsetting maklik ferskood wurde

Op de Ofslútdyk test Rykswettersteat in apparaat dat files by wurk oan 'e dyk bestride kin. Dêrby is faak in beheind tal rydstroken beskikber. De skieding is in betonnen barriêre.

It nije apparaat kin dy betonnen blokken maklik ferskowe sadat de breedte fan dy rydstroken oanpast wurde kin oan it ferkearsoanbod. De nije masine wurdt fiif wiken lang test. It eksperimint kostet 1,8 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)