Nije festiging Friso Bouwgroep

19 nov 2011 - 11:40

Friso Bouwgroep út Snits iepenet takom wike in nije festiging yn Eibergen. Hjirmei wol it bedriuw mei fiifhûndert wurknimmers harren aktiviteiten útwreidzje nei it easten fan it lân.

Friso sit dan tichter by de opdrachtjouwers en is sa ek sichtber yn de regio. By de iepening sille ûnder oaren Elco Brinkman fan Bouwend Nederland en de eardere foarsitter van SC Hearrenfean, Riemer van der Velde, sprekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)