Nije fervelaach foar F15

11 feb 2010 - 16:19

Spuiterij Elzinga yn Jirnsum is begûn mei it spuitsjen fan in F15-jachtfleantúch. It fleantúch is eigendom fan in militêr loftfeartmuseum yn Soesterberg. De Amerikaanske fleanmasine stie dêr bûtendoar, mar krijt in plakje binnendoar. Dêrom moat it lange gefaarte in nije laach ferve en nije belettering hawwe.

Elzinga krige de opdracht troch yn te skriuwen op in Europeeske oanbestegingsproseduere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)