Nije fertraging akwadukt Drachtsterwei kostet miljoenen

11 sep 2015 - 20:54

De opleverdatum fan it akwadukt yn de Drachtsterwei yn Ljouwert wurdt opnij net helle. It nije útstel kostet miljoenen euro's. De provinsje en oannimmer Heijmans binne yn petear oer wa't foar de kosten opdraait. Mochten de partijen der net út komme, dan driget neffens deputearre Sietske Poepjes in gong nei de ried foar de arbitraazje. De earste auto's soene op 31 maart 2016 troch it akwadukt ride moatte, mar dat wurdt no pas yn de rin fan de simmer.

Neffens Poepjes is dat in flinke ôffaller, mei om't de boel earder ek al fertrage wie.

Dat komt benammen om't de grûn ûnder it kanaal hurder is as earder tocht. Heijmans docht der dêrom langer oer om it akwadukt oan te lizzen. Poepjes sei dit freedtejûn by de iepening fan in fiadukt foar fytsers oer it takomstige akwadukt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)