Nije fertochte moard kafeebaas

12 feb 2005 - 14:55

De plysje hat freed in 19-jierrige ynwenner fan Ljouwert oanhâlden. Hy wurdt der fan fertocht belutsen west te hawwen by de dea fan de Ljouwerter kafeebaas Johan de Jong. De fertochte is yn syn wenning oanhâlden.

De plysje is de man op it spoar kaam nei oanlieding fan tips dy't binnenkaam binne nei in útstjoering fan Opsporing Verzocht. Der is yn de saak noch in oare man fertochte. It giet om in famyljelid (31) fan de kroechbaas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)