Nije feroardering foar bûtendyks

03 jan 2007 - 06:21

Ferwerderadiel moat mear te sizzen krije oer it tal bisten dat bûtendyks rint. Dat seit boargemaster Van_den_Berg. Oanlieding foar dy útspraak binne de problemen mei de hynders op it Noarderleech. De bisten rekke dêr ynsletten troch it hege wetter en koene mei in soad muoite rêden wurde.

Van_den_Berg fynt it net ferantwurde dat dêr nei 15 oktober noch in soad bisten omrinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)