Nije ferljochting yn Hearrenfean

07 des 2006 - 15:47

De gemeente Hearrenfean begjint in proef mei nije strjitferljochting. De nije ferljochting bestiet út ljochtbeakens foar fuotgongers en fytsers en reflektearjende beakens foar it autoferkear. De ljochtbeakens wurkje op sinne-enerzjy. De reflektearjende beakens ferbrûke hielendal gjin stroom. Dêr soargje de lampen fan auto's foar.

De nije ferljochting besparret de gemeente 80.000 euro yn't jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)