Nije ferkearstún yn Drachten

07 jul 2010 - 12:37

Yn Drachten is woansdei de nije ferkearstún iepene. De tún, dêr't bern al jierren les krije oer it ferkear, is ferhuze nei bernebuorkerij De Naturij. De ferkearstún is bysûnder yn it Noarden. Bern út groep 7 en 8 oefenje mei ferkearsbuorden en tekens op de dyk.

De nije tún hat hast 100.000 euro koste. De âlde tún wie ferâldere en oan ûnderhâld ta. De tún docht fertuten want der binne minder ûngelokken yn Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)