Nije ferkearsremmers Aldehaske

05 feb 2010 - 16:31

De ferkearsremjende betonblokken op 'e Badwei yn Aldehaske wurde ferfongen troch stekken. Dat hat de gemeente Skarsterlân besletten nei oanlieding fan klachten fan buertbewenners.

De blokken binne út 'e auto wei min te sjen. Dêrtroch ride bestjoerders fierder fan de blokken ôf as nedich is en dat soarget foar gefaarlike situaasjes. Der wurdt drok wurke oan de dyk, mar fanwege it waar leit it no stil. Yn maart set it wurk wer út ein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)