Nije ferkearsbuorden by rotonde

16 jan 2003 - 00:00

Rykswettersteat pleatst kommend wykein nije ferkearsbuorden by de rotonde fan De Jouwer. De buorden komme yn it plak fan de tydlike giele buorden dy't no noch oan de kant fan de dyk steane.

It ferkear kin fan sneon oant moandei lêst hawwe fan it wurk by de rotonde. Rykswettersteat hopet dat der minder hurd riden wurde sil mei de nije buorden. Bart dat net, dan wurde der mooglik ferkearsremjende maatregels nommen, sa as bygelyks flitspeallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)